Ik fyn it dreech om oer de takomst fan allinne Grou te skriuwen. Ik sjoch Grou as ûnderdiel fan Boarnsterhim en kin de takomst fan Grou mar min los sjen fan de takomst fan Boarnsterhim. Mar no't alle doarpen yn de gemeente sels dwaande binne mei harren takomst kin it net oars of der komt in ferdield advys by de gemeentlike polityk binnen. Foar de gemeenteriedsleden sil dat it der net makliker op meitsje. Mar goed: dêr meie sy oer te set, ik hâld my yn dit stikje mar by 'ús Grou'.
Foar my stiet fêst dat in gemeente Boarnsterhim yn de hjoeddeiske foarm gjin takomst hat; de gemeente is op stjerren nei dea, ek al dogge bestjoerders en amtners noch sa haren bêst. As gefolch fan de artikel 12 status sille de lêsten de kommende jierren omheech gean ta it heechste nivo. De kâns dat it nivo dan gau wer sakje sil achtsje ik net sa grut. Bewenners sille dan jierren opskeept wêze mei hege lêsten. Dan ha 'k it noch net iens oer in haperjend gemeentlik apparaat. Nee, dan mar leaver de fariant dat Grou – mar ek folslein Boarnsterhim of it grutste part fan de gemeente sûnder bygelyks Aldeboarn (Opsterlân?) en miskien Akkrum (Hearrenfean?) en/of De Legean (Súdwest Fryslân?) is in opsje – by in oare gemeente komt. Boargemaster Crone hat yn in reaksje al oanjûn dat hy de gemeente Boarnsterhim der graach by ha wol. Gean mar nei: mei de ynwenners fan Boarnsterhim derby komt de gemeente Ljouwert ticht yn de buert fan 100.000 ynwenners en boppe dy grins smyt dat in hegere útkearing op fan it Ryk. Crone hat dêrby tagelyk oanjûn dat hy him ynsette wol om de oergong net wachtsje te litten op it ôfwikkeljen van de folsleine art. 12 proseduere. Tagelyk liet hy trochskimerje dat Ljouwert yn petear wol mei it Ryk en in part fan de skulden fan Boarnsterhim wol oernimme wol, sadat de lêsten fan de boargers yn Boarnsterhim net earst ta in maksimum omheech hoege. Mar Crone wie net de iennichste kaper, ek de gemeenten Littenseradiel, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel longeren al nei in part fan Boarnsterhim. De lêste twa is it om it Nasjonaal Park De Alde Feanen te dwaan; no leit it park yn trije gemeenten wat net de meast ideale situaasje is. Wy moatte ús dêrby wol realisearje dat de grins fan it Nasjonaal Park tsjin Grou oanleit; de Pikmar leit yn it Nasjonaal Park. As it nasjonaal Park yn syn gehiel nei in oare gemeente giet, dan wenje de bewenners fan De Burd aansens net mear yn Grou mar yn De Feanhoop. In frjemde gedachte. De Pikmar heart dochs by Grou? En ek De Burd!?
De opsje dat Grou by de gemeente Ljouwert komt, liket op it each de meast logyske. Mar sil it doarp Grou wol foar fol oansjoen wurde yn de gemeente Ljouwert? Op de webside fan de gemeente Ljouwert is mei in bytsje muoite in oersjoch te finen fan de doarpen yn dy gemeente, ûnder it kopke wijken en dorpen. As wy dêr op klikke, sjogge wy dat ek de doarpen ynienen wijken hite en yn dat oersjoch middenmank dyselde wijken steane. Hoe serieus nimt de gemeente Ljouwert de doarpen eins?
Litte wy ús liede troch it jild fan Ljouwert of is it tadielen fan Grou mei Pikmar en Alde Feanen by in oare (plattelâns)gemeente ek in reële opsje? Neffens tradysje is de konsekwinsje fan tadieling fan Grou oan de gemeente Ljouwert dat Sint Piter dan ynhelle wurdt troch de boargemaster fan Ljouwert (?) It sil efkes wennen wêze foar de Grousters.
(geplaatst vrijdag 30 oktober 2009)
bonne bruinsma meet de zorg van leeuwarden voor dorpen af aan hun admistratieve positie als wijk.
de werkelijkheid leert dat in naburige dorpen als wirdum en swichum zichtbaar veel wordt/is gedaan op gebieden van sportvelden/nieuwbouw/(kerk)restauratie.
helemaal niet zo slecht lijkt mij.